Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa huorrige susters

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Twa susters lykje op elkoar,
net inkeld oan de bûtenkant,
ek yn it hâlden en it dragen,
de iene hat wat fan de oar.

Nim earst dy suster Israel,
sy huorke om mei elke klant,
die ’t ûnder beammen, op ’e heuvels,
dêr kaam it by har tsjinst op del.

Dan suster Juda, dy’t dat seach,
mar keas net foar de oare kant,
hoewol’t Ik Israel ferstjitten
hie, ek har suster hie it each…

… op huorkjen mei wat hout en stien
is, besmoarge sa it lân
en seach Ik net wer by My kommen,
dy beide susters wiene ien.

* Yllustraasjes ‘Twa susters’

admin

Spoar fan bloei

Lyrysk Deiboek

Wêr fiert it spoar ús hinne
op de earste fan april
yn in wrâld sniewyt bedutsen
mei de fierte út it sicht…
hoe lang bliuwt it noch stil?

De wolken foar de sinne
bliuwe hingjen, ’t jout gjin baat
om te tinken oan de simmer,
want dy is noch út it sicht…
hoe komt it mei ’t klimaat?

It spoar fiert nei de fierte,
mar dêr bliuwt it stjerrend stil,
tichtby wurde wy oanlutsen
troch de bloei dy’t komt yn sicht
foar’t folk fan goede wil.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum