april 18, 2022

Wat kin ik der no oan dwaan
dat stiel my foar de eagen komt
wannear’t ik moarns myn rûte rin
nei ’t slachfjild, grien fan kamûflaazje…
koene wy ús slach mar slaan.
Nee, net keare ’t oare wang
ta as it iene krijt in klap,
dat wurd hat stielhurd no gjin sin
mei klusterbommen foar de boargers…
binne wy foar ’t slaan te bang?
Wis, dy slach treft elkenien,
net inkeld op dat oare wang,
mar fan de krún sa nei it kin
en fierder nei de beide skonken…
transformearje wy yn stien?
Stiennen bliuwe op har plak,
bewege net nei ’t slachfjild ta
om mei te dwaan oan it ferrin,
sadat it rjocht ferslacht dy naasje
fan ‘wy krije ús gerak’.
april 17, 2022

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hy seach it net mear sitten
yn syn heitelân, dêr’t Mussolini
’t foar it sizzen krigen hie;
Nobel joech him de heechste priis
fanwege syn aktive witten.
Aktyf, sa reagearren
ek de eleminten troch bestrieling
mei neutroanen yn de kearn:
in ketting fan reaksjes kin
úteinlik liede ta rap stjerren.
Lit Hiroshima sprekke,
skerp dy dêrnei op foar Nagasaki,
bliuw by de gefolgen stean;
in ketting fan reaksjes kin
massaal it ierdske libben brekke.
Lit Moskou soks net weagje
as in skeakel yn de lange ketting,
dy’t sûnt Fermi al bestie;
Nobel joech him de heechste priis,
mar net om alles fuort te reagjen.
Enrico Fermi waard in skeakel
yn de lange ketting fan reaksjes:
’t wie de kanker dy’t dat die.
* Foto ‘Enrico Fermi’
** Foto ‘Hiroshima nei de bom’
