juli 5, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Wa kin in dream nei boppen bringe
fan in foarst dy’t hjiroer swijt,
yn Babel steane heale wizen
yn de troanseal, nei de dream benijd.
Nebûkadnessar liet lilk witte:
‘Wa’t de dream wit, is earst wiis,
de dream sil nei de útlis wize,
wa’t fertelt de helte, krijt gjin priis.
De heale wizen lieten witte
dat gjinien koe sûnder dream
de útlis oan de foarst fertelle…
wa’t fan wetter wist, joech oan de stream.
De kening wie mar min te sprekken
dat de dream net boppe kaam,
de heale wizen koene telle
harren dagen foar’t hy ’t libben naam.
Wa kin de dream nei boppen bringe
mei de wiisheid yn it hert
dat iepenstiet foar wat fan boppen
komt, in oare wize is der net.
* Yllustraasje ‘De dream fan Nebûkadnessar’
juli 4, 2024
fan Francisco de Goya*
Sy stiene foar in grut dilemma
doe’t hy in seare mûle kriich,
want beide woene noch net kwyt
wat by it minsklik lichem hearde,
mar wa woe pine ha by elke byt?
Dus moasten sy úteinlik kieze:
de kies derút, wat efkes sear
die of de jierren troch noch lêst;
hy bleau it leafst stean foar ’t dilemma,
sy pakte troch, hold oan har stânpunt fêst.
Sy stie earst fêst op beide fuotten,
de seare kies hie sy stiif fêst
en skuorde ta, kaam sels yn noed,
hie dus in doekje foar it blieden,
want beide koene ek mar min oer bloed.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘De toskejacht’
Print 12 út ’e searje ‘Los Caprichos’