Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It wiffe byld

Bibelbylden, Lyrysk Deiboek

fan ûnbekend*
Daniël

Daniël gie wer nei Arioch,
dy’t him hastich nei de kening brocht
foar útlis oer de ûnbekende dream
om sa te sparjen alle wizen
dy’t de dream net brochten oan it ljocht.

Doe joech Daniël de foarst beskie
dat net hy, mar God it riedsel wist.
Hy makke ek de útlis iepenbier
om op wat komme soe te wizen:
‘Wit, o kening, dat gjinien dit mist:

Grut wie ’t byld dat jo foar eagen kaam:
goud de holle, sulver ’t liif, dêrnei
kaam koper, izer ûnder, mar sjedêr:
de fuotten wiene ek fan izer,
lykwols mongen mei de weake tichelklaai.

Sûnder hannen skuorde los in stien,
dy’t it hiele byld oan diggels sloech,
o kening, sa is ’t yn jo dream krekt gien.’

* Yllustraasje ‘It byld’  

admin

Op wei foar de dream

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

It wie foar Daniël net klear
wat elkenien te wachtsjen stie
dy’t yn betizing rekke
troch de keninklike dream.

Dus sette hy nei Arioch,
dy’t liifwacht fan de kening wie,
en rekke op ’e hichte
fan wat har te wachtsjen stie.

Doe gie hy nei de kening ta
en pleite foar in romme tiid
om ynsjoch yn de dream te
krijen, wat him tastien waard.

Hy sette nei syn maten ta
en brocht har op ’e hichte, die
it foarstel om te smeken
om begrutsjen mei har lot.

Dy nacht kriich Daniël de dream
foar eagen, wat de útlis wie,
liet God him ek klear witte…
heech te priizjen wie de Hear.

* Yllustraasje ‘Daniël’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum