september 10, 2022

fan ûnbekend*
Jeremia
Ik ha my as profeet beklage,
freegje my no ôf… gie dat te fier?
Yn spanning wachtsje ik op antwurd,
kin ’k Gods grime wol ferdrage?
Do moatst dy hielendal omkeare,
sá datst suver foar myn antlit stiest,
dan bisto frij fan al ’t ferkearde,
kinst as tolk myn boadskip leare.
Dan sil it folk him nei dy keare,
nee, dat moatsto net nei harren dwaan,
ûnwrikber as in brûnzen muorre,
sa silsto de grime keare.
De minsken sille dy bestride,
mar oerwinne kinne sy dy net,
want Ik rin mei om dy te rêden,
sels tirannen sille bliede.
Yllustraasje ‘Brûnzen muorre’
september 9, 2022

fan ûnbekend*
Hattusa, stêd út it ferline,
trijetûzen jier al lyn,
doe’t de Hettiten sterker wiene
as de folken yn ’t gebiet
fan bergen, delgeand nei de see,
dy stêd sil nea folslein ferdwine.
Hattusa mei syn sterke muorren,
mei syn poarten, fiif yn tal,
dy’t inkeld foar de tagong tsjinnen
fan it eigen folk dat gie
derút as hearskers oer it gea,
sy ha harsels as liuwen fuorre…
… mei proaien om sa sterk te bliuwen;
út ’e poarte stiek de kop,
it byld om frjemden op te kearen,
dat gjin fijân kaam deryn…
Hattusa, stêd fan hjoed de dei,
noch altyd grânzje dêr de liuwen.
* Foto ‘Liuwepoarte’