juli 18, 2024
fan Peter Paul Rubens*
Har namme strielet al fan ljocht:
Helena, fjurrich as in fakkel,
ljocht dat kringt troch ’t blanke fel,
har wêzen mei der sa ek wêze,
mei de pels, dêr komt it eins op del.
Foar syn Heleen gie hy op jacht
de wrâld yn om in bear te sjitten,
leafdesfjoer út syn gewear
koe neffens him har wêzen reitsje…
om har lea de hûd, foar him de ear.
Dêr stiet se, foar de helte bleat,
gjin fakkel dy’t ferbrânt de hierren
fan de bear, sy keart him ta
de rêch, syn proai wol sy net wêze,
de sabeare bear sil har net ha!
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Helena Fourment’ of ‘It pelske’
juli 17, 2024
fan ûnbekend*
De kening krige wer in dream,
dy’t him yn ûnstjoer brocht
en op ’e nij kaam der gjin útlis
fan wiersizzers, no oer ’t byld
fan in ûnbidich grutte beam.
De beam wie heech en sterk, joech oan
de minske frucht, it dier
koe skûlje tusken tichte blêden,
mar in ingel kaam yn byld:
‘Kap om dy beam, hy is bedoarn.’
Wer wie it Daniël dy’t kaam
om útlis oer de dream
te jaan, mar troch syn prakkesaasjes
spriek er earst gjin inkeld wurd,
om’t God de foarst syn macht ûntnaam.
‘De beam, o kening, binne jo,
in stobbe bliuwt der oer
fan ’t keningskip nei jo ferballing
nei it fjild mei bisten, dêr’t
jo gers opfrette as in ko.’
* Yllustraasje ‘Nebûkadnessar as beam’