september 27, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Troch de Benjaminspoarte
klonken wurden fan de Hear,
it wie de poarte dêr’t de foarsten
en ek mannichten trochkamen
mei har frachten, mear en mear.
‘Yn de Benjaminspoarte
silsto stean en sprekke oer
de frachten troch de poarte op ’e
sabbat… wrotte en mar wrame,
lykas wie der rêst noch doer.’
Troch de Benjaminspoarte
komme keningen as jim
de sabbat wol yn eare hâlde;
op ’e troan fan David sitte
sy… sjaloom, Jeruzalem!
Troch de Benjaminspoarte
komme minsken oeral wei,
dy’t harren oan de sabbat hâlde,
oan de Heare offers bringe…
’t soarget foar in ommeswaai.
Foto ‘Poarte’
september 26, 2022
Wa soe dit fredich gea fersteure
yn de moarntiid fan in kleare dei?
Allinnich stilte lit him hearre,
gjin krie dy’t ien de wacht oanseit.
Wa soe dan oer in ynbraak seure,
wa of wat brekt yn dit lânskip yn,
wa soe de stilte hjir bedjerre?
Gjin krie dy’t strang de septer swaait.
Sjedêr hoe’t Cam dit gea bewekket
mei it each op markol, goes en ein,
gjin fûgel sil te ier hjir stjerre,
de krie wit ek dat Cam skerp draait.
Gjin jager dy’t in fûgel rekket,
want Cam krijt him daliks yn it each,
syn dei is dan folslein mislearre,
úteinlik wint Cams skot it pleit.
* Foto ‘Poel by de Grienedyk’
** Foto ‘Kamerabewekking’