Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jûnsstjer

Lyrysk Deiboek


Mei de kleur fan molke
strielje sy it ljocht út
as stjerren oan de himel,
dy’t fan fierôf besjoen
ien grutte massa binne:
de Molkwei.

Ien kaam jûns fan boppen,
liet syn ljocht klear skine
op stiel en op it wetter,
waard fan tichtby besjoen
troch wa’t nijsgjirrich binne:
‘Wêr komst wei?’

Lit de Jûnsstjer skine
út ’e bergen wei de
rivier bydel de marren
oer, net oan ôfstân bûn,
de stjer kin oeral hinne:
de Farwei.

admin

Konsintraasje

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wat is der mis mei konsintraasje
ast dy rjochtest op ien punt
dat wichtich is om oer te tinken:
konsintraasje op ’e minsken
dy’t nei de dea noch winke.

Se wonken op appel-terreinen
yn ferbylding nei de wrâld
om har mei gauwens te befrijen
fan de dieders yn de kampen…
mei konsintraasje op har lijen.

En doe’t soldaten ’t lijen seagen,
leauden sy har eagen net,
’t gefoel joech har de konsintraasje
om de wapens rap te rjochtsjen
op alle dieders fan dy naasje.

* Foto ‘Op appel’
** Foto ‘Nei lijen befrijd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum