Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynspiraasje fan Shakespeare

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Shakespeare’

Kin Shakespeare ynspirearje Churchill
middenyn Europa ’s striid?
Syn drama waard yn byld brocht,
dat it folk wer útsicht joech
op oars wurdt ek ús tiid.

Sjocht hoe’t de fiifde Henry reagearre
yn de striid fan hûndert jier:
hy woe ek foarst fan Frankryk
wurde, wat wer útsicht joech,
de tiid wie earder skier.

In drama kin it folk feroarje,
dêrmei ek in wrâldsk toaniel,
wat Shakespeare iuwen letter
oan syn eigen folk noch joech…
de film krong yn de siel.

* Yllustraasje ‘Shakespeare’
** Yllustraasje ‘The life of Henry V,
earste blêd’

admin

Ein fan de wrâld

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Shiretoko, in skiereilân
mei de namme dy’t fertelt
dat dit de ein is fan de wrâld,
it paad rint slingerjend dêrhinne
om genietsjend mei te rinnen.

Want gean mei elkoar, belibje
net allinnich wat de ein
fertelt oer dizze stille wrâld
fan bergen, bosken en ek bearen,
mei elkoar kinst dizze keare.

Bearen kinne net fertelle
wat de ein is fan de wrâld,
elk iensum plak neamt men de ein…
om te genietsjen rap dêrhinne,
om’t net oeral bearen binne.

* Foto ‘Shiretoko yn Japan’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum