augustus 24, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Kening Darius koe yn dy nacht
net ite, ek de sliep net krije,
hie fan ferdivedaasje gjin
ferlet, ier-en-betiid gie hy fan
bêd, hie neat mear mei syn priel en pracht.
By de liuwekûle rôp er lûd
mei drôvich lûd: ‘Bist noch yn libben,
do tsjinstfeint fan de heechste God,
dysto altyd stânfêst ferearest?’
Bûgend oer it gat seach hy gjin bloed.
Ut ’e kûle wei klonk ek in lûd:
‘O kening, libje foar altiten,
God hat foar my in ingel stjoerd,
dy hat de liuwebekken sletten,
dat ik libje noch, mei my is ’t goed.’
* Yllustraasje ‘In ingel yn de liuwekûle’
augustus 23, 2024
fan ûnbekend*
Rin mei troch Ubud dêr’t kultuer
oeral foar master opslacht,
dirigearjend de toerist
fan galerijen nei musea…
de fraach is wat er mist.
Rin Ubud út, de strjitte giet
dan oer op ’t paad de hichte
yn, de rêst fan de natoer
sprekt oan mei ’t liet fan griene fjilden,
de stilte is net djoer.
De hichte tilt it libben op,
fier boppe de matearje
út, lykas in fûgel fljocht
oer dizze mikrokosmos hinne…
it mist net wat er sjocht.
* Foto ‘Ubud op Bali, Yndonesië’