Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Replyk yn it paradys

Bibelbylden
Replyk yn it paradys PDF Print E-mail
fan Jan Breughel de Alde*

Image

De skepping wie noch net folslein
mei blommen yn de bloei
dy’t roeken by de beammen op
dy’t fruchten droegen yn de groei,
mar wêr wie eins de ein?

De dieren kamen midden-op,
de fûgels earst, kalkoen en pau,
dy stiek gjinien de eagen út,
de kleuresturt wie foar syn frou,
mar wêr wie eins de top?

De strús op hege poat, de hals
de wolken yn, seach ’t hear ris oer,
mar loek gjinien de poaten út,
it hynder, op ‘e frije toer,
dat dûnse al in wals.

De liuw, gjin kening noch fan ’t ryk,
sloep boartsjend oan de linkerkant
en sprong gjinien rûch achterop,
mar dat wie noch net alles, want
de minske joech replyk.

* Jan Breughel de Alde (1568-1625)
wie hôfskilder fan Albrecht fan Eastenryk
en freon fan Rubens.

admin

Grienedyk

Lyrysk Deiboek

moandei, 27 juny 2005

Tusken Snits, de Potten, Snitser mar,
foar en nei de Gauster syl,
troch it gea fan Pot en Skar,
boppe greide, reid en snyl,
rint de ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk it lân omklammet
weage earst de wylde see,
gjin begrutsjen, ûnbeskamme,
friet er oan dat lege stee
by dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk it fjild oereaget,
tusken wylch en eskdoarn troch,
dêr’t it gers yn banen weaget,
libje boer en bist mei nocht
by dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk fan Snits ôf bochtet,
folgje ik it âlde spoar,
dêr’t de blom de stâle rjochtet,
sjong ik mei yn ’t fûgelkoar
op dy ieuwenâlde dyk.

Dêr’t de Grienedyk syn namme
fervet oeral yn it rûn:
blêden, gers ek ek de stammen
libje yn in grien ferbûn
mei dy ieuwenâlde dyk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum