Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lôgjend Sodom

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Bruegel*

Yn âlde tiden wie ’t al sa,
gjin spul, dus dan mar útinoar,
dat Lot mocht fan syn omke kieze:
‘Lit my mar gean nei ’t stedsje Sodom ta,
ik bin noch jong, ’t is my net gau te bar.’Der barden dingen yn de stêd
dy’t lôgen boppe alles út,
dat Lot koe fan dat spul wol grize;
twa blauwe boaden hearden ’t himelske beslút:
‘Bring ’t folk fan Lot yn feilichheid en rêd!’De flammen taasten ’t spul doe oan,
wylst Lot waard fan it ûnheil kâld,
de grize rûn him oer de grouwe,
syn frou seach achterom en waard fan sâlt,
de heit wie by syn dochters oant de moarn.

Image

* Jan Bruegel (de jonge) (1568-1625)

admin

Nei it fiere lân

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

It is him noch net oan te sjen,
mar dochs, al fiifensantich jier
stiet Abram rjochtop yn it libben
as hoeder fan syn neiste én it dier,
mar ’t alderneiste mist er, dat is bern.

Image

De earen gûnzje him noch fan
it grutte folk yn ’t fiere lân
nei ’t drege ôfskie fan syn sibben,
hy stekt de hân út en ferbrekt de bân,
foar altyd stilstean is hy net de man.

Hy sit rjochtop en wiist it paad,
hoewol’t er noch net wit de wei
dy’t fiert nei ’t fiere lân fan libben,
syn frou en omkesizzer geane mei,
ek folk, want mienskipssin leit yn syn aard.

Image

* Mozaiken yn de San Marko basilyk
yn Fenetië

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum