Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Underierdske wacht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Oin Shi Huangdi hie in leger
dat op ierde wêze mocht
en moedich foar syn keizer focht
mei oan de ein de sege.

Dochs wie ’t libben net ûneinich,
ek de keizer hie de lea
as oaren, ienris gie er dea,
dy fijân wie fûleindich.

Doe’t de foarst de lêste siken
joech, stie ’t leger foar him klear
en saluearre ta syn ear,
soe fan syn lea net wike.

Oin Shi Huangdi hie in leger,
ûnderierdsk stie dat op wacht,
joech foar syn keizer trochgeand acht,
te blyn foar noch in sege.

Image

* Terrakottaleger (sirka 210 foar Kristus) 

admin

Persepolis’ meunsters

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Perzië, in ryk fier oer de grinzen
fan Afrika nei Yndia
mei Persepolis’ rike keunst,
in bist fan trije of fan twa,
dat útgiet boppe tinzen.

Image

Griffioen, in trijedielich meunster:
fan lea in liuw, fan kop in earn,
de skeane earen fan in hoars,
’t ferwûne bist kin net mear stean,
sa woe wol ha de keunstner.

Liuwhart, lyts mar moedich yn syn dieden:
fan lea in hart, fan kop in liuw,
de kromme hoarnen fan in bok,
de slaande wjukken fan in miuw,
’t soe siere mar ek stride.

Image

Dizze bisten koene ’t lot net keare
fan Persepolis, rike stêd,
troch Alexander** lein yn pún,
it meunster lei, gjin stjit of trêd,
it liuwhart koe ’t ferneare.

* Kalkstiennen byld ‘Griffioen’
(sirka 518-465 foar Kristus)
Juwiel ‘Liuwhart’ (sirka 500 foar Kristus)

** Alexander de Grutte

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum