Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jan Brouwer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1967

Image

Jan Brouwer, skipper fan de âlde stamme,
foer noch mei de grutte griene
watfoar frachten der ek wiene,
altyd bealgje, nea ferstramme.

Jan Brouwer, wa koe net syn stridersnamme
as er sylde mei de griene,
moast fan oaren soms wat liene,
lêste waard er ûnbeskamme.

Jan Brouwer striek it seil, hat ôfskie nommen,
om’t er alles sels betelle,
by in oar gjin sinten helle,
fan ’t bestjoer mocht hy wer komme.

Jan Brouwer waard troch Snits syn rjocht ûntnommen:
’t skûtsjetal moast tolve bliuwe,
mar Jan focht foar trettjin liuwen,
wûn, mar sels soe hy net komme.

Image

admin

Mei de Súdwesthoeke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

De folchfloat hie de feart deryn
en brûsde nei De Fluezen,
wylst de loft foarsei in hurde wyn.

Image

De manlju wiene yn de wear
mei stoarmfok en twa reven,
want de wyn wie west, naam noch gjin kear.

Se draaiden rêd it túch derby,
wylst skipper Visser prûmkjend
stjoerde, as in swarte krie sa frij.

Image

Gjin groanometer wie oan board,
troch omke Cor fergetten,
dat de start wie achteryn de float.

It skûtsje stampte, hie gjin gong,
de stoarmfok sloech en klapte,
mar gjin kop op ’t achterdek dy’t song.

Image

In twirre pakte doe de pet
fan omke Cor en samar
waard de Moanne yn de lijte set.

Image

De wyn wie útraasd, joech him del,
derút mei al dy reven,
foar de finish waard de striid flink fel.

It achterdek wie noch fol fjoer,
en prûmkjend stjoerde Visser
’t skip as nûmer tsien de einstreek oer.

Image

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum