Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wynwinsken

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1967

Wat sei de skipper sûnder wyn
op Pikmar en de Wide Ie,
dêr’t soms gjin suchtsje stie?

Image

‘Ik woe, hy hong der brûzjend yn,
de swurdman troch it wetter gie,
gjin droege trie mear hie.’

Dy útspraak kaam fan Loadewyk,
dy’t lêste waard mei griene swan,
mar Douwe joech him net gelyk,
hy wie dy deis de bêste man.

Image

Twa dagen letter wie ’t al sa,
se strieden yn it Grietmansrek,
de swan en lytse SWH,
it wetter streamde oer it dek.

Wat sei de skipper sûnder mêst,
de Drachtster op syn eigen Ie,
dêr’t soms in dikke stie?

Image

‘Mei minder wyn ha ik gjin lêst,
dan bin ik better op ‘e trie
en ’t hout hâldt sa’t it wie.’

admin

Kleuren

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1967

Dêr farre se, de ljochte goarre,
’t wyt fan ’t liuwke en fan Siete
en de piskleur fan De Lemmer;
soest by heech en leech net swarre
dat se sa ’t komôf ferskite?

Image

Dêr sile se, de grutte griene
mei de swan en Earnewâld syn
brune neffens de tradysje:
’t suden woe de gerskleur liene,
heger gie de turf de wrâld yn.

Image

Sjedêr hoe’t beide skûtsjes flokke,
Snits as griene, heech de poarte
en it sekseil fan De Lemmer
leech as sakke broek op sokken…
soed er hast wer pisje moatte?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum