Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pestramp

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Fjouwer rampen hiene west:
nei bloed de kikkerts en ynsekten,
mar it slavefolk kriich gjin ferlof,
foar farao wie ’t amper stof,
wat koe ’t him skele dat it frekte.

Mozes kaam wer mei in test:
it folk hie wol ferlof fertsjinne
om te tsjinjen, net as slavefolk,
hy wist wol better as Gods tolk,
it rjocht soe fan it ûnrjocht winne.

Farao sloech ôf it stof
dat waard ta wolken boppe bisten
dy’t al gau krepearren troch de pest,
de ramp hie net by ’t Godsfolk west,
want net in skiep of lamke miste.

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De fiifde pleach fan Egypte’

admin

Bloedpleach

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Guiard des Moulins*

De farao teach nei de Nyl,
de wetterier troch ’t hiele lân
dy’t alle libben drinke liet,
hy seach de stream, dit wie syn styl:
beweging hold syn ryk yn stân.

It sin waard der net better op
doe’t dissidinten kamen oan
de igge fan de libbensstream,
’t gie sûnder bûging, fraach of rop,
it wie in oanslach op syn kroan.

It kaam hurd oan, de wetterier
waard read as bloed, de stream stie stil
en alle mûlen rekken droech,
mar farao syn sterke wil
brocht eigen folk doe ek yn ’t spier.

Image

* Guiard des Moulins (13e ieu)
Yllustraasje út ‘e Bible Historiale

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum