Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Do en falk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De namme flokte mei fatsoen
en foel, koe net yn lykwicht bliuwe
as fûgel, driuwend op twa wjukken,
de do, mei frede fêst ferbûn,
feroare yn in fearrewolk,
dy’t dwarle nei de hurde grûn
om dêr de letters noch te skriuwen
fan Frina, namme op twa krukken…

Image

… dy’t ferfongen waard troch folk
dat freonskip yn it findel fiert
en wol dat Amicitia
tenei de gastferbliuwen siert
en liede moat ta harmony,
mar wittend dat al yn de fierte
de falk de wjukken útslacht ta
de flecht nei ’t gea fan bosk en poel
om dêr it lykwicht te ferbrekken
fan libben, dat ferfalt, mei ’t doel
de skerpe klauwen út te stekken,
te pakken en neat oer te litten
fan freonskip tusken Snits en Brekken,
want falk en do ha altyd witten,
it wurdt mei har in fearreboel.

Image

admin

As pake

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sittend op ‘e kape
harket er nei pake
hoe’t de roef it plak wie
dêr’t sawat gjin plak wie
foar ’t geheime plakje
dêr’t hy dreamen hie
dat er krekt as pake
foar in skûtsje gie.

Image

Sittend foar de ezel
harket er nei Jesse
hoe’t er mei syn sizzen
oanjout dat er dizze
lessen net graach misse
woe en wolris dreamt
dat er krekt as pake
him straks skilder neamt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum