Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It boek fan Kells

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

It boek fan Kells,
in bjusterbaarlik wûnder
fan in evangeeljeskrift
mei baren fan de wide see,
troch Kelten ieuwenlang befearn;
nea kaam dat weagjend boadskip ree,
mar ’t gie de tiid troch foar bysûnder.

It boek fan Kells,
Iona’s keunst, in eilân
yn de wylde Ierske See,
troch geasten ieuwenlang befearn;
Iona, plak fan ’t kleasterfolk,
it hie in skriuwend, stil bestean,
mei baren earjend harren Heilân.

It boek fan Kells,
dat foar de Noarman flechte,
heidensk folk, de baren oer
nei ’t lân fan ’t iere kristendom;
it boadskip dat it ús fertelt,
is altyd ûnderweis, dus kom
ek mei, oan ’t eigen stee net hechte.

Image
detail

* Troch muontsen makke bibelhânskrift,
dat telâne kaam yn it Ierske Kells
( sirka 800)

admin

Keltysk krús

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

De Kelten wiene fierwei earst,
noch foar de komst fan de Romeinen
op it eilân tusken see en oseaan,
se brochten heidendom en kristenseine.

De Angelsaksen hiene ’t meast
te sizzen nei har komst oer ’t wetter,
namen mei: it is mei sizzen net te dwaan,
geweld dus tsjin de Kelt, dy heale ketter!

De Kelt waard nei de hoeken dreaun,
nei Cornwall, Wales, nei Skot- en Ierlân,
mei syn dûbelleauwe amper te ferslaan:
de sinne om it krús beskynde ’t oerlân.

Image

* Keltysk krús yn Ierlân

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum