Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boroboedoer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Hoe koe de foarst fan Java
’t himelryk ferbine mei de wrâld?
De ierde moast de hichte yn
en heffe boeddha foar’t behâld
fan mylde rein en sinneskyn.

De bergen joegen lava,
hurde stien bewurke mei ’t houwiel
ta blokken, mear as in miljoen,
dy’t heechop tilden boeddha’s siel
foar rike risping op ‘e grûn.

En doe’t de foarst fan Java
Boroboedoer mei syn folk beklom,
oerskôge boeddha ’t sillich neat,
it machtich bouwurk mealde er net om,
hy hat him stil nei binnen keard.

Image

* Boroboedoer (778-850)
is de grutste boeddhistyske timpel
fan de wrâld

admin

Striid om Jeruzalem

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Jeruzalem, de stêd fan David,
útsicht oer hiel Israel,
it fûnemint fan ’t Joadendom,
doe gie it by de hichte del,
de timpel plat en Sion yn de slom.

Image

Jeruzalem waard fan Mohammed,
foar syn lear it tredde stee,
nij op it âlde fûnemint
en op ‘e hichte de moskee,
in gouden útsicht op in wisse went.

Gjin minskebyld kaam op ‘e muorre,
want foar Allah wol sa goed
wie ’t geometryske patroan
yn kleuren oant de dei fan hjoed,
de stêd is lykwols wer fan Davids soan.

Image

* Koepelmoskee (klear yn 691)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum