Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skûtsjenoarmen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Image

Wat wie de noarm yn earder dagen
doe’t de skûtsjes leine waringdjip
fan frachten modder, turf en stront;
doe stelden se gjin drege fragen,
want de skippers fûnen dat har skip
folslein foldie fan kop oant kont.

Doe kaam de tiid fan konkurrinsje
op it mêd fan wa’t it hurdste koe,
de stêd, it doarp of eigen skip;
sa krigen fjirtjin de pretinsje
om te wurden kampioen, mar hoe?
Wol grutter, heger, mar net djip.

Wêr fart dy trend de skûtsjes hinne,
as gjin rûte op it wetter leit
fan boei nei boei, dat is de noarm;
sa kin de modderskûte winne,
om’t deselde wyn de tiid troch waait,
mar ’t skipsfolk hâldt wol fan in stoarm.

Image

admin

Boartsjende duvels

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Hjoed soe ’t wêze moatte
as finale fan de geast
fan fjirtjin dagen lang,
mar ’t like krekt as boarten
duvels om it meast.

Image

Heinend alle twirren
bleau der mar in bytsje oer,
mar foar gjin duvel bang
seach ’t moantsje al fan fierren
hoe’t it healwyn foer.

Image

Romjend alle skoaten
dat de geast wer sylde mei
de skippers op it roer,
foer dochs in float fan boaten
brommend as standby.

Image

Lizzend wyt derhinne,
beide bruorren yn ’t ferbûn
tsjin duvels en har moer,
de iene* wie de winner,
oare** kampioen.

Image

* Siete Meeter
** Loadewyk Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum