Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deaslach

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Yn Starum fochten wyn en weagen
op ‘en fûlsten om de helderol,
mar ’t koe feroarje:
al stie de see ek noch sa hol,
de dea hat ek in gokje weage.

Yn kloften wie it folk der kommen
om de fûle striid op see te sjen,
mar ’t koe feroarje:
al klom de spanning foar de fan,
de dea hat wyn en weach ferstomme.

Image

It folk fan Klaas* focht om te winnen,
prachtich lei syn skûtsje op it roer,
mar ’t koe feroarje:
hoe skerp er nei de finish foer,
de dea hat fan him winne kinnen.

Syn hertslach gie foar wyn en weagen,
’t hiele libben sloech op fûle striid,
mar ’t koe feroarje:
hoe oft it kloppe, ’t wie syn tiid,
de dea hat him fan ’t dek ôf reage.

Image

* Klaas van der Meulen

admin

Himelrút

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik gie de Grienedyk bedel
om nei it lege lân te sjen,
de bermen yn it moarntiidsskaad,
de gerskleur mei it bûnt fan fee
dat yn in stream de stâl út kaam
en troch de magen waard ferspraat
dy’t joegen harren fretbestel
oan bekken, hearrich as in bern,
dat ‘k yn gjin fjilden waard gewaar,
omdat ik dêr allinnich stie
wylst ik de Grienedyk opnaam,
wat heger as de delte earst…
ynienen skeat der troch fan ’t waar
wat boppe myn ferwachting gie
dy’t oars net joech as wyn en rein,
sa kaam myn each wat heger út,
it riisde boppe berm en beam
en seach oer ’t gea in oare geast
ferskinen, ljochtsjend sûnder ein,
ik weage op ‘e bûnte stream
mei nei it hege himelrút.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum