Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mozes’ dea

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan de Flaamske Skoalle*

Image

Mozes klom de Nebo op
mei yn de earen noch it kleien
oer gjin wetter yn de krûk,
de stokslach en syn lilke rop,
it streamde bûten ’t wurdgebrûk.

God rûn doe mei Mozes op
en hoegde dêroer neat te sizzen,
want de tsjinstfeint hie it heard;
doe’t beide wiene op ‘e top,
seach Mozes lizzen lân en stêd.

‘Sjedêr it lang beloofde lân,
nim ’t yn dy op foardatsto stjerst.’

Mozes folge ’t lêste paad,
de berch del neffens God syn sizzen
dat er net nei ’t lân ta mocht;
doe foel yn de bedelte ’t skaad
fan dea en grêf yn godlik ljocht.

Image

* Flaamske skoalle (15e ieu)
Miniatuer ‘Livres des heures, de dea fan Mozes’

 

admin

Mozes’ testamint

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym/Luca Signorelli*

Image
detail


Hy wist, lang sil it net mear duorje,
want syn libben hie gjin doer,
hy stiek mei ’t folk de stream net oer,
hie mei syn slach de grime fuorre
fan de Iene, spriek yn kleare taal:

‘Wol harkje, Israel, nei wurden
dy’t de Iene sprutsen hat,
syn grutte dieden binne bard
om ta syn útkard folk te wurden,
oan de ein sil klinke dit ferhaal.

Twa wegen kinne jim berinne:
dy fan ’t libben nei it lok,
mar ek de deade wei ta flok
fan ’t hiele folk, gean dêr net hinne,
lit de wurden wêze yn jim hert.

Lit Jozua no by my komme,
want syn libben hat noch doer,
hy stekt mei jim de stream wol oer.’
It folk jûchheide, mar ferstomme…
Mozes song in liet oer wol en net.

* Fresko yn de Sikstynske kapel,
dêr’t Luca Signorelli grif
in pear figueren fan skildere hat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum