Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rynsk wurk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Simone Pignoni*

Image
detail

It wie gjin tiid om lang te wennen
foar de faam út Moab wei,
want alle fjilden tilden op
fan nôt en folk dat rispe mei,
mar soene sy har kenne?

De frjemdte koe Ruth amper deare
yn har bûgen nei de grûn
om op te sykjen wat dêr lei,
gjinien seach op har del as hûn,
soe ’t lot foar har wer keare?

De heareboer kaam om te skôgjen,
frege nei de frjemde faam
dy’t gie de sichters achternei;
hy woe dat sy it derfan naam,
har hert begûn te lôgjen.

Noömy koe de jûns wer laitsje,
want de Iene joech syn ljocht
nei ’t tsjuster fan it deaderyk;
Ruth hat net inkeld ieren socht,
mar koe ’t ferskil ek meitsje.

Image
detail

* Simone Pignoni (1614-1698)
Skilderij ‘Boäz moetet Ruth
dy’t op syn lân ieren siket’

admin

Ferskil yn kar

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

It trof har yn it frjemde lân,
Noömy as in allochtoan
dy’t oerbleau sûnder man en soan,
se hie dêr trije klappen hân.

It trof, want yn har memmelân
begûn de groei lykas it wie
yn earder tiid, Noömy hie
it mei har twadde lân wol hân.

Doe reizgen trije widdo’s ôf,
want Ruth en Orpa giene mei
oant ûnderweis har skoanmem sei:
‘Kear om, bliuw jim net yn de rou.’

Dat wurd trof Orpa yn it hert,
sy gie wer nei har memmelân,
mar Ruth hold by har skoanmem stân,
sy fielde oan in grut ferlet.

Image

It frjemde lân wie as fan har,
sy dielden yn itselde lot,
foar beide wie de Iene God,
nei trije klappen klonk har kar.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Noömi en har skoandochters’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum