Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De pet pakke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Image

In skipper wurdt yn ’t silen stjoerd,
want nei de finish binne trije plakken:
foar de kampioen klinkt kleare rom,
de oaren krije minder lûd,
de lêste kin syn pet wol pakke.

Kommisjes hawwe ek in pet
dy’t heech is by in protte earste prizen,
leger wurdt by ’t sakjen yn de striid;
sa wie foar Jaap* de hurde wet
fan ’t eareplak by ’t roer ferlieze.

Image

Hy hie, sa sei er, wol goed syld,
sportyf en net mei ’t mes dwers yn de mûle,
want it gie him om de sjarme fan
it skûtsjesilen, minder wyld
en ek net fan ’t oerdwealske fûle.

Dêr stie er op ‘e fêstewâl,
syn hege skipperspet yn beide hannen,
it foel him ôf, hy hie ’t net rom:
dy snotnoas Hedzer** soe ’t wol mâl
dwaan tusken al dy jonge mannen.

Image

* Jaap Zwerver, de âld-skipper fan Earnewâld
** Hedzer Meeter, de nije skipper

admin

Nostalgy

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Image

Op it roer Sietse Hobma
Ut boek ‘Lemster skûtsje’  fan Klaas Jansma en Marten Sandburg

De Lemmer dreamde noch fan âlde tiden
doe’t de mêst wat koarter wie
en op ‘e gyk gjin takel stie;
de tiid moast keare, skippers stride
sa’t de âlde it noch die.

Dat skipper Sietse* foer mei folle seilen
nei it VSB-bestjoer**,
de fuotten skrep, de hân op ’t roer,
it waard in saak fan kromme neilen,
want de âlde dream dreau oer.

Doe liet de skipper deaden boppe komme
om te sprekken út ‘e siel:
in skip fan hout yn plak fan stiel;
mar âlden spilen gnyskjend stomme,
want it goud wie harren diel.

Op dat stuit kriich Sietse goud foar eagen:
de kommersje soe it dwaan
troch skippers sponsorjild te jaan
om harren mei in gouden beage
troch de nije tiid te slaan.

Image

* Sietse Hobma
** Vereniging van Schippers en Bemanningsleden

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum