Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Emoasjes op Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Skûtsjesilen is emoasje,
fûle hertslach by de start,
ferhege druk by bak- en stjoerboard,
lûd jûchhei as ’t skip de ein befart,
gefoelich sile as promoasje.

Foar de start de mêst al stikken,
brutsen herten op Langwar,
De Lemmer klappend raamd op bakboard,
Huzum as de dieder yn de war:
‘It spyt my, kinne wy it skikke?’

Image Image

Sa woe Siete* net mear fierder,
razend wied er op de Pan,
ferhege druk by bak- en stjoerboard,
mar se makken der mei wurden fan:
‘Wol deale, far him dwers troch midden!’

Ien koe hjoed it lûdst jûchheie,
’t lytste skûtsje fan de float**,
it hie gjin druk by bak- en stjoerboard,
’t fierde feest nei ’t fieren fan de skoat,
emoasje wie dêr rom te krijen.

Image

* Siete Meeter
** Súdwesthoeke mei skipper Rienk Zwaga

admin

Lette twirre

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

De Sâltepoel wie noch it bêste plak,
want op ‘e Snitser mar gie ’t need
mei twirren dy’t op tugen wachten,
brute baren batsend tsjin it flak,
dus bleau it seil noch ûnder ’t kleed.

Image

De twivel sloech mei elke twirre ta
en kreake as in brutsen mêst,
it wie ferstannich om te wachtsjen,
mar de Panne koe ’t wol ha,
dêr holden se de skoaten fêst.

Image

‘Wol bliksem, bliuwe wy dan oan de wâl?
De twirren winne it hjoed net,
as no de start mar efkes wachtet…’
Mar de flagge heal yn ’t want
woe ha har twirre kaam te let.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum