Dit is de skiednis fan in stins, 
in sterke boarch yn ’t plakje Snits, 
dêr wenne ridder Rienk, in mins, 
bekend fan in ferhaletrits. 
De stins fan stien stie op it plak 
foaroer it Skiepmerkplein 
en hat mei muorre, toer en dak 
de fijân strang de wacht oansein. 
De boarch wie ree ta elke striid, 
it aventoer siet yn syn stien, 
mar ’t slûge inkeld yn de tiid, 
hat nea mei Rodenboarch wat dien. 
Dat wie de reden dat syn hear 
doe sels op aventoer út gie, 
want Rienk syn libben naam in kear 
mei’t er de rop fan ’t krús ferstie. 
Sa kaam Rienk Bockema yn tsjinst 
fan Edward Trije, Inglish king, 
syn ridderfloat foer foar de winst 
op Turken, sûnder ien betingst. 
Dus wie de stins in jier of wat 
ferlitten, fier fan it geweld, 
mar foar syn hear kaam oan it slot 
it ridderskip, as sterke held. 
  
Nei ’t earste aventoer begûn 
it libben wer op Rodenboarch: 
de frou kriich dochters, beide sûn, 
har eigen dea brocht lykwols soarch. 
It hie in protte fan in moard, 
wat Rienk brocht ta de pylgerstêf: 
Hy stapte fier fan hûs oan board, 
beseach yn Sion Kristus’ grêf. 
De Snitser stins ferlear de striid 
fan tsjerken yn Jeruzalem, 
mar nei ferrin fan beafeartstiid 
herkende Rodenboarch syn stim. 
Nei stille jierren op ‘e stins 
hie Rienk as boarchhear skjin syn nocht, 
hy dreamde fan syn grutte winsk: 
de eare fan in fûl gefjocht. 
Mei Dútske Ridder Oarder gie 
de Snitser nei Litouwen ta, 
mar hoe’t syn stins derûnder stie, 
dêr woe syn baas gjin praat fan ha. 
Yn Grodno streamde ’t fan it bloed, 
sa’n fjouwertûzen kamen om, 
de Snitser ridder naam foargoed 
twa jonges mei en ek de rom. 
Doe klonken der mear stimmen op 
yn Rodenboarch syn ridderseal 
en út it suden kaam de rop 
fan Hollânsk greve: hiel foar heal. 
De greve woe hiel Fryslân ha, 
de lytse helte wie foar Rienk, 
as ûnderkening woed er sa 
it sintrum meitsje fan syn stins. 
De Snitsers lykwols wiene poer 
en kamen del mei man en macht, 
se lieten fan de boarch neat oer 
en stjoerden Bockema op jacht. 
Dat wie de ein fan Rienk syn stins, 
mar net fan syn bestean as mins, 
hy makke fan syn dream in tins, 
in kleaster, Thabor by doarp Tirns. 
 
  |