Hy wachtet yn syn deadesel 
op ’t kriezjen fan de stielen doar, 
al dagen klinkt gjin lûd mear troch, 
mar hy is wach, jout him net del, 
oertinkt de skiednis, nei en foar.
Lang lyn, foar him it oermodel, 
behearske Babels ryk de wrâld, 
syn kening seach it hear ris oer 
en op it hiele minskdom del, 
it djippe lijen liet him kâld. 
  
De keale muorre ljochtet op, 
de sel wurdt tsjuster by dit byld: 
de kening yn de greide friet 
it gers, dwylsinnich yn de kop. 
Dy skiednis makket him net myld. 
Hy hatet noch it Perzenryk, 
dat wiske Babels gloarje út, 
syn wraak wie oarloch tsjin Iran, 
hy maalde om gjin leed en lyk, 
ultime macht wie him ta bút. 
As tank foar Allah’s stipe joech 
er syn soennitysk moslimbloed 
as inket foar it skriuwen fan 
de hillige Koran, sa droech 
er ’t offer op mei passygloed. 
Hy skrillet op fan ’t eigen lûd 
en pakt fan ’t buordsje de Koran, 
it selskip dat him liede sil. 
Net Allah helpt him yn syn noed, 
in rjochter docht him yn de ban: 
Saddam Hoessein, jo wiene grut 
yn eigen eagen, seagen del 
op ’t folk dat yn it lijen siet, 
it hert bestoar it op jo wurd, 
de dea marsjearre op befel. 
De oanslach op jo libben liet 
gjin inkel minske bûten skot, 
de manlju stoarren yn de loop, 
ûnskuldich oan de wanhoopsdied, 
de rest siet mûldea achter slot. 
De Koerden ha ik it net oer: 
jo gemysk ûndersyk fan hoe’t 
de azem ’t bêste ôfsnien wurdt; 
de proef wie mar fan koarte doer, 
mar slagge wol ûnminsklik goed. 
It rjocht sil sprekke oer jo died 
fan wraak: de straf foar minsken dy’t 
gjin rjocht dien is en dêrom sprek 
ik hjoed út namme fan de ried: 
jo reitsje moarn de azem kwyt. 
Hy skrillet op en riist fan ’t bêd 
by ’t kriezjen fan de stielen doar – 
de eagen waarden dochs noch swier? – 
en sjocht syn fijân dy’t him rêd 
ferfiert, sa giet er nei de oar. 
Syn eigen folk is no de oar, 
de boal, him winskjend nei de hel, 
in swarte doek komt om syn hals: 
de dirigint fan ’t moardnerskoar 
dy’t tikket nei de lêste tel. 
  
Foto LC/Reuters 
Hy fielt no sels de strakke strop 
dy’t lei om ’t libben fan Irak 
en as de boaiem sakket wei, 
dan hâldt de azem stûkjend op, 
mar jout de dea him wol syn plak?  |