Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e útsichttoer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dêr stean ik dan yn ’t sintrum fan de wrâld
en heger as it wetter en it lân
op ’t stielen roaster fan de útsichttoer,
dit simmerôfskie lit de lea net kâld.

Image

Nei ’t hege noarden giet de linkerhân:
it leechlân mei de greiden dêr’t de boer
beskrept de wite jefte fan it fee
en ek dat eigen aarden hâlde stân.

Image

De rjochterfoet stapt nei it easten ta:
de mar by ’t lege sinneljocht as see
dêr’t farrensfolk de fierte as har doel
en deistich brea of priis foar eagen ha.

Image

It suden freget om de rjochterhân:
in gouden greep beslein yn houten boel
dêr’t lju de sinnedagen yn it jier
evaluearje as dit ha wy hân.

Image

De linkerfoet bliuwt foar it westen oer:
de hege beammen om de swimmerspoel
dêr’t klaaid en neaken, snee en pier
ûnsichtber binne foar de útsichttoer.

Image

admin

Stoarmljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De wolken jeie oer it gea
’t noch driigjend tsjuster fan de nacht
dêr’t no de dei trochhinne brekt,
wylst stoarmich waar slacht oer de lea
fan wetter dat nei stilte smacht,
sa moarns betiid syn fêst bestek.

Image

No wurdt it jage as in ree
dy’t weagjend draaft en sûnder rêst
kanaal en mar as foarlân hat;
it wâljend wetter, as in see
fan drippen spat it stikken nêst
de oerhaal ûnder kleurespot.

Image

De sinne skilderet yn de bui
de bôge boppe pont en beam
mei lange halen, koart en fel
beskynt er ek it fjild en struit
it grien en blau, as wie ’t in dream,
yn banen op ‘e ierde del.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum