oktober 2, 2016
Hoe suver is ’t bestean Mar net folslein, want bern Hoe inketswart ferstjert Mar net foargoed, omdat |
oktober 2, 2016
Wy ynhalearje elke dei it rikjend jeien troch de tiid: de moarns it opgean fan de bern as sinne mei de wolk op wei fan ljocht nei skaad en wer werom, gjin fiif minuten gean ferlern; de middeis op it hichtepunt fan ’t draaiend ekonomedom bestjoert it kapitaal de wrâld, dat tiid is jild yn kleare munt; de jûns as ’t ljocht de siken jout, dan ljochtsje alle skermen op mei bylden, fiif sekonden âld, dan stjerrend, mei dy dea fertroud; en nachts foar pampus, yn de sûs, bedreame wy wol mannichfâld de dei mei bylden, jild en bern en moarn begjint deselde rûs. |