Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simmertiid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Image

De moarn mei langer tsjuster wêze
foar de slûge yn de dream fertiisd,
mar lit him let it jûnsread lêze,
ljocht dat nei de simmertiid ferwiist.

Wat soe dy iene oere sizze,
hiene Nazi’s net itselde flikt,
de sinne kin syn wei ôflizze,
mar wat hat de skippersfloat berikt?

De wraak wie simmers oan de sinne,
want dy friet by ’t starten alle wyn,
gjin skûtsje koe in wedstriid winne,
koarten se net trije rûtes yn.

Image

admin

Kampioen op side

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

De spanning koe net grutter wêze
yn de stilte foar de striid,
want Rienk* en Siete** koene ’t lêze:
mar ien tsiende punt ferskil… wa biedt?

De wyn hie amper wat te bieden
op ‘e Snitser mar, in sucht
allinnich, dat gjin grutte dieden
hongen yn de loft of joegen lucht.

Image

De skippers moasten dernei happe,
lok joech spanning yn it rak,
de SWH begûn te stappen,
wylst SM lei heech, mar ek foar blak.

Dochs hie de wyn noch wat te bieden
op ‘e mar, want Siete rûn
ynienen hurder, Rienk moast bliede,
foar it earst waard Boalsert kampioen.

Image

Mar amper fjouwer wiken letter
kamen amateurs yn byld,
mei hurde wyn op ’t Snitser wetter
is de kampioen op side syld.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum