Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Batsjêba

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan Francesco Salviati**

De namme wie Batsjêba,
troud mei offisier Uria,
tsjin Ammon yn de striid,
sy wist net fan ’t ferrin,
it wie in frjemde tiid.

Image

Sy woe har net bekleie,
hie it goed mei jûns lang baaie,
oars wie der gjin fertier,
’t fersette sa har sin,
de tiden wiene swier.

Batsjêba koe ’t net snappe,
mar ’t wie wier: it bad út stappe
en rap nei it paleis,
gjin noed, want sy wie skjin,
net tiden ûnderweis.

Image

De kening woe har sprekke,
lei de hân har yn de nekke,
it gie wol wat te fier,
mar ’t wie nei kenings sin
en sy waard letter swier.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Batsjêba yn bad’

** Francesco Salviati (1443-1478)
Skilderij ‘Batsjêba giet nei David’

admin

Mikal

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Sauls dochter Mikal, twadde kar,
stie twa kear foar it iepen rút
foar David, man en kening,
earst liet sy him rap derút,
en letter makke sy it al te bar
yn harren keninklike wenning.

De kening hie syn mantel út
en stapte yn de ûnderklean
oer strjitte foar de arke,
liet him as kweajonge gean
ern dûnse hanneklappend ta beslút
fan poarte nei it skeamelst doarke.

Image

Sauls dochter Mikal seach it oan
en skamme har de wangen read
foar David, man en kening:
sjoch de foarst yn lege steat,
’t foldocht yn ’t neaken by slavinnen skoan,
in doarke fierder stiet har wenning.

Mar David hie gjin oare kar,
hy dûnse sjongend foar de Hear
en net foar eigen namme;
fan slavinnen kriich er ear,
mar net omdat er kening wie fan har,
wol hoeder út in sljochte stamme.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Mikal ferachtet David’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum