Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Natans wiisfinger

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob Backer*

Skerp klinkt it wurd fan de profeet,
mar Natan wie konkreet begûn
mei ryk en earm, ’t ferhaal fan ’t laam,
dat bistke sparre dieren by de fleet,
sadat de rike oan syn trekken kaam.

De kening harke nei ’t ferhaal
en seach it foar him, hiel konkreet:
de earme mei in wif bestean
waard troch de rike brocht yn noed en need,
dus kriich dy by syn fleet de dea as lean.

De fraach wie noch: wa hat dat dien?
Doe wiisde Natans finger nei
de kening, ’t waard sa hiel konkreet,
dat David hat it skerpe wurd ferstien,
hy seach Batsjêba foar him… sûnder kleed.

Image

* Jacob Backer (1608/09-1651)
Skilderij ‘David wurdt troch Natan teplak setten’

admin

Uria

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob Backer*

Uria wie syn namme,
offisier yn fûl gefjocht
mei Ammon, fier fan hûs,
hy hie net oan syn thúskomst tocht
en fielde him dêrtroch beskamme.

De kening liet him witte,
hy fertsjinne lizzend rêst:
nei ’t striden nei de frou;
Uria hold oan ’t slachfjild fêst,
woe sels net nêst Batsjêba sitte.

Image

Uria moast wer komme
by de kening foar in brief
oan Joab, generaal
op ’t slachfjild, dus gjin noed om ’t liif,
syn eachweid waard opnij ferromme.

De generaal liet witte
dat Uria moast foaroan
him yn de striid bejaan;
it kaam fûl oan, doe is er stoarn,
hat nea fan kenings moardplan witten.

* Jacob Backer (1608/09-1651)
Skilderij ‘Uria kriget fan David de brief foar Joab’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum