Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Heit en foarst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

As in strider-kening wurdt ta heit,
dan is it swurd net wichtich mear,
it giet dan net om slach en ear,
hy heart skerp wat de siele seit.

Image

Wurdt de oarloch wûn, it bern ferlern,
dan is der gjin hâldfêst mear oan,
de heit rout gûlend om syn soan,
de wanhoop is him oan te sjen.

Rinnend giet it hinne, dan werom,
al roppend: ‘Absalom, myn soan,
wie ik mar yn dyn plak hjoed stoarn,
myn soan is dea, myn Absalom.’

As in militêr sok bearen heart,
dan stekt dat swurdskerp yn it boarst,
hy sjocht allinnich mar de foarst
en net de heit dy’t leaver stjert.

Joab, generaal fan slach en ear,
keart kening David nei de winst;
hy lit him sjen, dat is it minst,
it folk ferwachtet letter mear.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘David rout om Absaloms dea’

admin

Finzen troch hier

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*
fan Albert Weisgeber**

Image

Se krigen beide rie nei rie,
heit David en soan Absalom,
ien op ‘e flecht, de oare op ‘e troan,
gjinien wist wat de útkomst wie,
it wachtsjen wie op moarn.

Soan kening rôp it hiele folk
ta oarloch op om te ferslaan
wa’t mei eks-kening David flechte wie,
de ien de spear, de oar de dolk,
it gie nei rûge rie.

Heit David dielde ’t leger op
yn trijen, mar gie sels net mei,
syn rie wie: wês foar Absalom net wreed;
hoewol’t er wist fan ’t hege krop,
siet hy oer him yn need.

De rollen draaiden stridend om:
soan kening rekke op ‘e flecht
en oan in tûke, finzen troch it hier,
dat waard de ein fan Absalom,
foar heit wie ’t stjerrend wier.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Absaloms dea’

* Albert Weisgeber  (1878-1915)
Skilderij ‘Absalom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum