| fan ûnbekend* 
 In kleurich byld fan fromme Joadenmei in pykhoed op it prysterhier
 en tûkehout foar ’t brânen klear,
 guon hannen bannich, oare gear,
 de fraach noch om it offerdier,
 in barren neffens de geboaden.
 De kristenskilder hat mei gloedede Joaden ferve op har plak:
 it lamke is syn Leave Hear,
 foar ’t offer meitsje se it klear;
 hy strykt it bloed op harren dak,
 dat pogroms yn Europa woedzje.
 De ferve hat noch mear te sizzenoer bluodrich read op it paniel:
 de joadske Kaïn mei fenyn
 slacht kristen Abels harsens yn;
 it offerdier is ’t joadske diel,
 op ’t alter sil er slachte lizze.
 
 Us alter is de asfaltdyk,de flam komt út ‘e gleone piip,
 foar ’t offer is der gjin ûntwyk:
 ien raam en bliedend leit it skiep
 en moarn? It wie de wrâld te ryk
 as flinter op ‘e dyk, it laam.
 
 * Dit kleurige skilderij waard sirka 1470 makketroch in ûnbekende skilder yn Noard-Nederlân.
 Hy hat de minsken sa delset as
 wiene se fersonken yn eigen tinzen.
 Kleuren en figueren lykje in protte
 op dy yn midsieuske miniatueren,
 hoewol’t dit in paniel is fan likernôch
 70 by 50 sintimeter.
 
 |