| Ut it skûtsje-argyf 1983
   
Gjinien kin dat begjin fertelle 
fan de mêst yn ’t Simmerrak, 
hoe’t dy ferrôle nei dat plak, 
dat wit allinnich de ballade. 
De mêstemakker oan de kade 
hie him hakke út ien stik: 
identiteit fan ‘dit bin ik’, 
sa lei er bûten by it wetter. 
It wie in dei of trettjin letter 
doe’t der kaam in âlde mêst, 
kondysje koart, net al te bêst, 
it waard in kliemen en in kleien. 
De nije seach him doe al swaaien 
mei in wynkrêft fan dik sân, 
út ien stik bleau sa nea yn stân, 
de âlde sei, hy wist wol better. 
It eigen aard bleau ûnder wetter 
wol yn stân, in ivichheid 
behold er syn identiteit; 
de nije joech er doe in setsje. 
Dy koe de plûns earst net befetsje, 
’t sinken joech in frjemd gefoel 
en ûnder wie ’t in modderboel, 
mar fierder, bêst sa ûnder wetter. 
It wie in jier of trettjin letter 
doe’t in dûker by him kaam, 
in kabel joech in flinke raam 
en sjoch, hy lei wer op ‘e kade. 
Sa oan de ein fan de ballade 
komt it der dan einlings fan: 
in mêst, nij op ‘e Snitser Pan… 
of is dit út ‘e tomme helle? 
 
  |