Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nierstien op Starum

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

Se rûnen yn de float derút,
de Meeters net te mjitten,
kleurich mar de skûtsjes wyt,
kin ’t skele ju, gjin sprút,
dochs seagen sy ’t wol sitten.

De âldste* hie syn middei net,
ferrekte fan de pine
troch in stientsje yn de nier,
mar skippers wil wie wet,
hy soe syn draai wol fine.

Image

De jongste** sylde justjes oars,
fan ûnder kaam er boppe,
mei de twirren troch it hier,
de tonge yn de noas
koe hy fiktoarje roppe.

Doe rûn de jongste fierder út,
hy treau syn broer derûnder:
‘Kin er hjoed net oer ferlies,
kin ’t skele ju, gjin sprút,
syn nierstien sylt foar wûnder.’

Image

* Lodewijk Meeter
** Siete Meeter

admin

Haatmoard

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Wouter Mol*
fan Jan Adam Kruseman**

Image

Dêr leit er swier ferwûne,
Willem van Oranje, ek wol heit
fan ’t nije heitelân;
syn wrede dea, al rap in feit,
kaam fan in moardnershân.

Balthasar wie syn namme,
Gerards kriich er fan syn Frânske heit
en ek de roomske haat
foar protestanten, ’t wie in feit:
hy rûn it moardnerspaad.

Hy koe him presintearje,
stelde him as Frânske ealman foar
en ek as protestant;
sa kriich er oan it hôf gehoar,
mar ’t doogde fan gjin kant.

Nei’t Willem van Oranje
iten hie, kaam Gerards foar it ljocht
en skeat, ’t gie dûbelop;
Balthasar hie syn taak folbrocht,
mar ’t koste him de kop.

Image

* Wouter Mol (1785-1857)
Skilderij ‘It stjerbêd fan Willem van Oranje’

** Jan Adam Kruseman (1804-1862)
Skilderij ‘Willem I ferriederlik troffen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum