Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frysk notarissoantsje

Keunst

fan Lourens Alma Tadema*

Lourens Tadema, notarissoantsje,
berne yn it doarp Dronryp,
dêr’t Frysk de fiertaal wie,
mar bylden sprieken him mear oan,
yn werklikheid en yn de sliep.

alma-tadema-1

Lourens, selsbewuste puber, hoantsje
dat al kraaiend komt yn byld:
‘Ik bin al út ’e rie,
as keunstner sit ik op ’e troan,
in foarst wurdt droegen op it skyld.’

Lourens Alma Tadema, in keunstner
dy’t yn Londen fierde ’t feest
fan kleur en ryk bestean;
’t klassike spriek him byldzjend oan,
Romeinen doarmen troch syn geast.

alma-tadema-2

Sir Lawrence Alma-Tadema,
fan Frysk notarissoantsje
nei  Ingelsk skilder, sa woe hy it ha.

* Lourens Alma Tadema (1836-1912)
Skilderij ‘Selsportret fan Lourens Tadema’
Skilderij ‘Selsportret fan Lawrence Alma-Tadema’

admin

Trije manlju

Keunst
PDF Print E-mail
Image

fan Jan van Eyck*

De hân dy’t tilt as wurk de guozzefear,
leit tsjin de oare, meditearjend gear
skean boppe ’t berteblêd fan ’t hillich boek
dat freget earbied, knibbels yn in hoek;
sa bidt Rolin, yn ’t libben kânselier,
hjir tilt er swier syn siele fan de flier.

Image

fan Rogier van der Weyden**

Mar dan de man mei ’t stoere kin
dy’t eaget fier de fjilden oer,
hy hat it ierdske doel yn ’t sin
fan heger sjitte op ‘en doer;
no Ridder fan it Gouden Flues,
dochs letter is ’t paleis syn thús.

Image

En hy, noch mar in jonge,
leit op knibbels mei in stien
om handich del te lizzen;
hy hat syn tophit songen
ûnder ’t fluorjen nûmer ien,
wat sil er mear noch sizze?

* Jan van Eyck (foar 1392-1441) skildere yn 1435
‘De Madonna mei kânselier Rolin’.

** Rogier van der Weyden (sirka 1400-1464)
skildere sirka 1456 ‘De man mei de pylk’.    

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum