december 21, 2024
fan ûnbekend*
Bellagio,
de pearel fan de Komomar
hat blonken troch de iuwen hinne,
suver like helder as de sinne.
Bellagio,
Romeinen makken al de kar
om oer de Komomar te farren,
’t mocht de riken yn dit gea wol barre.
Bellagio,
it fraaie plak foar him en har
dy’t libje mei ferneamde nammen,
foar har rykdom ha sy har nea skamme.
Bellagio,
plak tusken berch en Komomar,
dêr’t oeral folop pearels blinke…
wa soe dan oer’ t wetterpeil neitinke?
Foto ‘Bellagio oan de Komomar yn Italië’
december 19, 2024
fan Jopie Huisman*
Sjoch hjir hjoed it stille libben
fan jong en âld dy’t yn de rin
fan jierren stappen setten,
hoeden earst, allinnich noch op snein
en letter troch de dagen hinne,
útrûn oant in wiete foet
foar altyd him weromloek,
earst groeiend oant de langte
paste yn it allerlêste pear,
dat breder útrûn as it earste
oant it lang en breed net langer gie
en beide pear posearjen as stillibben.
* Jopie Huisman (1922-2000)
Tekening ‘De earste en de lêste skuon’