april 7, 2023
fan ûnbekend*
Cocos, eilân lizzend
yn de Stille Oseaan,
dyn natuerlik plak,
ek swijend follesizzend.
Om dyn wêzen hinne
swimt de mânske hammerhaai
mei syn stille klap
lit hy syn namme kenne.
Op dyn hichten springe
wite weagen oer de rots,
kommend yn de fal
om duorjend lûd te bringen.
Cocos, sjong fan wille,
want natuerlik is dyn byld,
follesizzend bliuwst
de lûde, soms de stille.
* Foto ‘Cocos by Costa Rica’
april 6, 2023
fan Adriaen Brouwer*
Men stikte doe net yn it stof
fan trekkers op it plattelân
en yn de hichte fleanmasines
dy’t it koalsoergas útstjitten,
boeren songen noch Gods lof.
Mar nei de lof gie ’t nei de kroech,
ûntspanning lei wol foar de hân
mei stof genôch om oer te praten,
drank om ryklik yn it nimmen,
kaarte wat wer spanning joech.
Ferrek om myn part, stik, fersûp
yn eigen miich, ik ha it hân
mei dy, falsk spylje, ek noch lige,
dêrom sil ’k dy stikke litte
yn it stof, op knibbels… krûp!
Sjoch, boargers, hoe’t it eartiids gie
mei boeren yn beweging, stân
hold doe gjin boer dy’t foar ûntspanning
gie de kroech yn, dêr útstjitten
waard en daliks bûten stie.
* Adriaen Brouwer (sirka 1605-1638)
Skilderij ‘Ynterieur mei fjochtsjende boeren’