april 15, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Jochanan koe net de rjochting wize
dy’t foar ’t folk it bêste wie:
Egypte, eartiids ’t slavelân
of bliuwe ûnder Babelsk jok,
miskien wist Jeremia rie.
Jeremia woe wol boade
wêze tusken ’t folk en God,
troch him wie mei de Hear in bân,
kaam dêr de seine troch of flok?
It folk wie rêstich ûnder ’t lot.
Nei tsien dagen kaam it antwurd:
‘Jou jim mar kalm del yn ’t lân
dat ik it folk ûnthjitten ha,
dan bou Ik, brek jim net mear ôf
en plantsje, stek net yn de brân.
Wês net bang foar Babelsk kening,
want Ik rêd jim út syn hân,
gean ek net nei Egypte ta,
dan komme jim grif yn it nau,
it is en bliuwt it slavelân.’
* Foto ‘Woestynpaad’
april 14, 2023
fan ûnbekend*
Se rêste op ’e platen
yn de djipte fan de oseaan,
dy’t altyd yn beweging binne,
lykwols lykje de Azoaren
stil te lizzen, rêst te jaan
oan lju mei nocht oan rinnen.
Azoaren mei syn hichten,
opdûkt troch it fjoer fan de fulkaan,
dy’t spuide lava út ’e krater
nei de djipte mei de puollen,
boarreljend om lûd te jaan…
sa’n eilân is in prater.
De lju mei nocht oan rinnen
harkje nei it lûd fan de natoer
en sjogge mei ferhearde eagen
nei de resten fan ’t ferline,
want sa bleau dit eilân oer,
heech optild boppe weagen.
* Foto ‘Ien fan de eilannen
fan de Azoaren’