april 17, 2023
De iene is de oare net,
der is en bliuwt ferskil
yn foarm en kleur,
kwa kop en sturt
en ek ferskil yn wil?
De markol sit en foar it each
hat sy de put derút,
sy hat gjin kleur,
wat is har nut
as sy de eagen slút?
De miuw stiet stevich op ’e peal
en stiet eins ek foar peal,
wol gjin geseur,
sjocht oaren fuort,
dreamt fuort en libbet heal.
De markol komt no skerp yn byld,
sit willich op it nêst
fan kop oant sturt,
noch sûnder fleur,
dy komt grif op it lêst.
april 16, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Edvard Benes, twa kear presidint
fan Tsjecho-Slowakije
mei dêr tuskenyn de oarloch,
as in presidint yn ballingskip
wie hy op ôfstân noch presint.
Adolf Hitler wie him frjemd bekend
as ‘ik sil ’ t lân ek krije
dêr’t Sudete-Dútsers wenje;
sûnder macht stie doe de presidint,
oan Hitler tajaan wie de trend.
Edvard Benes makke ’t plan fan wraak
foar Nazi Reinhard Heydrich,
ien fermoarde tsjin fiiftûzen
boargers dy’t dêrnei út wraak de dea
ynjage waarden, sa gie ’t faak.
Wraak nei wraak, ’t gie nei de oarloch troch
mei etnysk suverjen fan
no de Dútsers, as Sudeten
waarden sy de dupe: moard nei moard,
de rop fan ûnskuld wie omdoch.
* Foto ‘Edvard Benes’
** Foto ‘Deportaasje fan Sudete-Dútsers’