Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferburgen dream

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Hy kaam fan ’t bêd en wie betize,
Nebûkadnessar, Babelsk foarst,
hie net in byld mear fan de dream,
mar hearde wol it dreunen nei in barst,
dus wie dit wurk foar al syn wizen:

Jim sjogge wat in oar net sjocht
en witte wat in oar net wit,
wat byld komt jim foar eagen
by myn dreambyld fan fannacht?
Jim takomst wurdt mei eare ljocht
as jimme sizze hoe’t it sit,
mar fiel de fûsten fan myn macht
nei ’t swijen, dus betink gjin leagen.

De wizen wiene slim betize
oer ’t djippe dreambyld fan de foarst
dat mei gjin wurd nei boppen kaam,
se seagen yn har inerlik gjin barst
en koene foar de takomst grize.

* Byld fan Nebûkadnessar    

admin

Utsûnderlik

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Il Moretto*

Image

Bylkje moast it hôf fan Babel
mei de bêste jonges fan it ryk,
it lichem sûn, de geast allyk,
foar alle foarsten respektabel.

Daniël kaam mei syn maten
oan it hôf, se moasten ek oan ’t miel,
’t ûnreine kaam net troch de kiel,
se ha it rêden mei it praten.

Alle dagen suver wetter,
inkeld griente, tichtby de natoer,
se holden sels oer ’t lichem stjoer
en libben hjoed, de fraach kaam letter.

Babels kening hie mear fragen,
liet har prate: wiisheid oant de ein
hat alle oaren rom ferslein,
sa rûn de geast op mei de mage.

* Il Moretto (sirka 1498-1554)
‘De profeet Daniël’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum