Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oant fjouwer telle

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Turner*
fan Gustave Doré**

Image

De kening tocht, hy koe net telle:
fjouwer keardels yn it fjoer?
De brân sloech net op harren oer,
in wûnder, nea oan him ferhelle.

It hearde as de flammen songen
oer mar ien, dat wie dé god,
dy hie mei Babels fjoer de spot,
it liet kaam fan de fjouwer tongen.

De kening rôp de trije nammen,
want de fjirde koed er net,
dy hie mei Babels fjoerdea ret,
sa kaam it libben út ‘e flammen.

It like dat de foarst him skamme
doe’t er opjoech fan de god
dy’t ien wie mei syn tsjinners lot,
it lok wie foar de trije nammen.

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Sadrak, Mesjak en Abednego yn de fjoeroven’

** Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Sadrak, Mesjak en Abednego
yn it fjoer’

admin

Rjochte rêgen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Matteo Rosselli*

Noch rjochtop stiene byld en trije
manlju út Jeruzalem,
sy bûgden net foar kenings stim
en woene sa de goaden mije.

Doe klonken yn ’t paleis de stimmen
tsjin de trije mei as doel
dat oer har litten ’t oardiel foel,
it godsbyld soe har libben nimme.

Image
detail

De kening liet de trije komme,
joech har noch in lêste kâns,
sy wiene foarst en goaden mânsk
en ha de rêch foar ’t byld net kromme.

Nebûkadnessar liet de trije
bine foar in lôgjend fjoer,
joech har sa oan de goaden oer,
sy woene foar de Iene lije.

Image
detail

* Matteo Rosselli (1578-1650)
Skilderij ‘Sadrak, Mesjak en Abednego’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum