april 22, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It folk kaam yn Egypte oan,
it lân fan hurde slavernij,
dêr’t de foarfaars neat te sizzen
hiene, mar dy tiid wie doe foarby.
De sinnetimpel wie it plak
fan goaden dy’t it folk opnij
op ’e knibbels lizze lieten…
wie de slavernij foargoed foarby?
Doe hearde Jeremia ’t wurd
fan God, hy moast in teken jaan
oan de farao en folken
troch twa stiennen yn de flier te slaan.
Want op dy stiennen kaam de troan
fan kening Nebûkadnessar,
dy’t de hearsker fan Egypte waard, foar
farao en folken wie it bar.
De sinnetimpel rekke plat,
it leger tôge goaden mei,
brûkte ’t swurd om dea te stekken,
’t wurd fan Jeremia wie dernei.
Foto ‘Sinnetimpel’
april 20, 2023
fan Rembrandt*
Wurdt in bline ea ûnstjerlik?
Lit it antwurd libje troch de tiid
mei wurden dy’t net stjerre kinne,
klinkend yn ’t antike liet.
Lit Homerus mar fertelle
mei it each op spanning yn ’t ferhaal,
de skriuwer soarget mei de pinne
dat it komt yn kleare taal…
… op papier, de Ilias en
Odyssee, ferhalen ek oer striid,
dêrnêst foar yn ’t bestean te winnen
wiisheid, klinkend yn in liet.
Wurdt in bline ea ûnstjerlik?
’t Antwurd komt fan Aristoteles:
‘In bline lit syn tinzen rinne,
jout oan filosofen les.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Homerus diktearret syn fersen’
Skilderij ‘Aristoteles mei de búste fan Homerus’