Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjin wet en liuw

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

Image

It wie in wet fan Meden, ek fan Perzen,
keninklik en ivich fêst:
de bidder moast de kûle yn,
de wei nei boppen like skyn,
it wie folslein tsjin ’t liuwe-wêzen.

De kening koe de hiele nacht net sliepe,
’t maalde yn syn wêzen om
dat wetten brieken soms it rjocht,
hy hie fan ’t flaaikjen skjin syn nocht,
woe ha de takomst lei noch iepen.

Hy gie betiid op wei, noch foar ’t lemieren,
bûgde boppe ’t swarte gat
en hearde hoe’t syn tsjinstfeint spriek:
gjin liuw dy’t him de bonken briek,
de dieren harken nei de Wiere.

Doe waard de bidder út ‘e kûle helle
sûnder mar in skamper skea,
de wei nei boppen wie net dreech,
de kening sels seach ek omheech
en hat de lof fan God ferhelle.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Daniël yn de liuwekûle’ 

admin

Oars as oaren

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De iene kening folge op ‘e oare,
Darius kaam oan de macht
en dielde ’t ryk sadanich yn
dat Daniël gie ’t foar de wyn,
hy bleau himsels, wie net feroare.

De oaren seagen doe mei skeane eagen
nei syn rêch, dy hold er rjocht;
har eigen paden rûnen skean,
want elk soe nei de kening gean,
’t gebed wie oars net as in leagen.

Se sloegen acht op Daniël syn mûle,
dy’t itselde die as oars:
deis trije kear betankje God
foar ’t libben, dochs waard oars syn lot:
it delgean yn de liuwekûle.

Image

* Yllustraasje ‘Daniël yn gebed’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum