Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fêst patroan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bart der by de fûgelhut
sa yn de iere moarn?
De fûgels ha it heechste wurd,
gjin kiker jaget har dêr fuort,
se lûke oer har keninkryk
in fêst patroan.

Image

En efkes fierder by it krús
fan wetters klinkt de toan
fan achtergrûnmuzyk, de rûs
‘hoe komme wy hjirwei, wer thús…’
De motor draaide ’t skip yn ’t slyk,
in fêst patroan.

Image

De iere moarn biedt noch wat oars:
de krusers jouwe oan
de rêst, it sliepen as in roas,
in snoarkjend blazen troch de noas,
in langer lizzend keninkryk
as fêst patroan.

Image

admin

Nachtbisten

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It wie bysûnder, op ‘e nij
kriich Daniël in fisioen,
hy fielde wyn út fjouwer streken,
dat de see spriek op oant yn de jûn,
liet fjouwer frjemde bisten frij:

In liuw mei wjukken fan in earn
en mei in minskehert, in nuver teken,
kaam fan de grûn, bleau doe wer stean.

In bear mei ribben yn de bek
noch sûnder fleis en fet, in nuver teken,
kaam skean omheech as wied er gek.

In panter, wjukken op ‘e rêch
en fjouwer kear in kop, in nuver teken,
kriich wylst er fleach de wrâld yn ’t each.

In bist dat noch gjin namme hie,
mei hoarnen op ‘e kop, in nuver teken,
liet neat yn stân, sterk as er wie.

It waard in wûnder, der wie Ien
op jierren, sittend op in troan,
dy’t rjochtspriek yn de fjouwer streken;
mei de wolken kaam de minskesoan,
dy’t eare kriich fan elkenien.

* Yllustraasje ‘Fisioen fan de fjouwer dieren’
Ut ‘Foundations of my faith’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum