Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Homo sapiens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy wie al minske doe’t er libbe
en makke as de earste fjoer,
wy binne oan syn dwaan besibbe,
al hjit by ús syn hân in kloer,
hy rûn lykwols rjochtop en dus
sjochdêr de Homo erectus.

Image

Wy binne fan deselde stamme
en hjitte freonen fan it fjoer,
betinke foar ús dwaan de namme
fan pyromaan mei hout as foer,
de stamme giet sa yn de hens,
sjedêr de Homo sapiens.

Image

De fjoerslang wiist it paad nei ’t wetter
en set de man yn fjoer en flam,
Yahama rint dochs folle better
as ’t fjurke oer erectus’ stam,
sa racet it minskdom nei syn grins,
sjochdêr de Homo sapiens.

admin

Winnende lichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid is de oere
fan it fûkelichtsjen, glêd
it kronkeljende jitten
yn de bun en nea mear sêd
fan ’t ôffal yn de djipte.

De motor pompt it wetter
op en spuitet sulver yn
de fûke, wylst de netten
droegje op ‘e sudewyn,
beklimt de tiid de hichte.

Image

De jûntiid lûkt de kleuren
oan dy’t sûnder spuitsjend fjoer
net fierder klimme kinne;
tusken tûken driuwt er oer,
de rûnte wint wer hichte.

Noch ien kear klinke flammen
oer it kleuren frettend gea
dat fangt de bûnte tinten,
lizzend op it gers foar dea
wint lichte it fan hichte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum