april 24, 2023
It spoarde net mear op ’e rails,
sadat gjin reizger arrivearre
troch ynflaasje foar it folk
dat nei de heechste bonus socht,
it waard te leech wurdearre.
Lûk út it grint de beide rails,
sadat de treinen net mear ride
kinne, ’t oerlis is ûntspoard,
wat prorail rap yn aksje brocht,
wa’t foar is, lit dy stride.
Men lûkt troch it bestean in spoar,
dat meastal ôfwykt fan streekrjochte
banen, passend by it folk
dat foar it rjocht op takomst striidt,
dêr’t foarfaars ek foar fochten.
april 23, 2023
fan ûnbekend*
fan Steven Spielberg*
It boek hat grutte ynfloed hân
op ’t folk dat harke nei de tekst,
foarlêzen op ’e radio:
panyk briek út omdat ferbylding
holden waard foar as wie ’t echt,
Marsmantsjes fjurren folop brân.
It wapen wie in trijepoat,
ferneatigjend mei striel nei striel
wat kaam yn har ferrekt fizier
dat rjochte op ’e milimeter…
wa koe dan noch op ’e flecht,
de hiele ierde waard har oard.
Hie Wells, de skriuwer fan it boek,
foarsjen kind dat der briek panyk
út troch ’t lûd fan de radio?
It folk seach inkeld oarlochsbylden,
noch grouwéliger as echt,
dy’t letter kamen op it doek.
* Foto ‘Orson Wells lêst foar ‘
** Filmbyld ‘War of the Worlds’