april 26, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Gods wurd berikte Jeremia
yn Egypte ek, it slavelân
dêr’t Juda’s foarfaars bodde hiene;
de Hear brocht doe it folk ta stân,
mar no leit Hy it flymjend del.
De foarfaars hiene goaden tsjinne,
har de jierren troch rûkoffers brocht,
sadat Gods grime oer har flamme;
fan jimme hat Hy ek syn nocht,
Jeruzalem kaam dêrom del.
Mar yn Egypte kin God jim ek
fine, lykas yn Jeruzalem,
jim komme om troch swurd en honger,
gjinien ûntkomt, gjin heit en mem,
it komt folslein op delslaan del.
Doe kamen manlju en har froulju
mei as antwurd dat it har neat die,
de keninginne fan de himel
ferearen sy, lykas it gie
by foarfaars, dêr kaam ’t wol op del.
Gods wurd gie tsjin dat fan de manlju,
hold úteinlik yn Egypte stân,
want farao soe ek omkomme
troch foarst Nebûkadnessars hân,
de macht fan ’t slavelân kaam del.
* Yllustraasje ‘Egyptyske keninginne’
april 25, 2023
fan Abraham van den Tempel*
Hjir stean ik dan mei fjouwer hûnen,
ja, ik nim se mei op jacht
om achter hazzen oan te jeien,
nee, ik nim mysels yn acht,
dus bliuw ik stean wêr’t ik no bin.
Ik bin fan heech komôf, dat sizze
se, in oerwûn keningsbern,
dat bûtendoar de septer swaaie
mei, dat is my oan te sjen
mei stôk en sjerp, sa’t ik hjir stean.
Rûnom stean ik bekend, yn Hollân
wie myn heit al kening ôf
nei’t hy yn Ingelân de septer
swaaie koe, trou oan syn frou,
yn Hollân net, syn soan bin ik.
In fearnsiuw letter siet James finzen
yn de Tower, mei de dea
foar eagen, sûnder trouwe hûnen,
doe op jacht yn Hollâns gea,
mar jierren letter wie er bút.
* Abraham van den Tempel (sirka 1622-1672)
Skilderij ‘Portret fan in jonge fan adel (James Scott)