mei 6, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare makke my bekend,
ik soe Egypte ’t lot oansizze
fan syn ûndergong, want Babelsk foarst
kaam mei syn leger út it noarden wei,
de goaden kamen leech te lizzen.
De farao is dat net wend,
hy praat mei eigenwize wurden
oant syn wankel ryk troch ’t needlot barst
troch ’t machtich leger út it noarden wei,
dat slacht mei bilen en mei swurden.
Egypte wie in sterke ko,
mar sil as stille slang fuortslûpe,
want de fijân komt en is der hast;
’t manmachtich leger út it noarden wei
lit dochters fan Egypte krûpe.
De Heare makke ek bekend,
it lân sil op ’e nij bewenne
wurde, ek it gea fan Israel;
dan hellet Hy syn folk út Babel wei,
it sil Him as syn Rêder kenne.
* Foto ‘Egypte as slang’
mei 5, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Dit kastiel fan tûzen jier
hat mannich striid trochstien
troch muorren yn in tsjokke steat;
wiene wapens faak fan izer,
stiennen ha it measte dien.
Troch de tiid bleau dit kastiel
net hiel, mar mannich stien
kaam letter wer yn goede steat,
makke de toeristen wizer:
stiennen ha it measte dien.
Smidden komme nei ’t kastiel
en smeie fjurrich foar
de ear: wa is it bêst yn steat
om te meitsjen fan it izer
wat fertsjinnet elke kar.
God Hefaistos sjocht it oan
en rekket yn de war:
wat is yn allerbêste steat,
hurde stien of ’t eigen izer?
Keunstich izer is syn kar.
* Foto ‘Kastiel Helfstyn’
** Foto ‘Keunstich izer yn it kastiel’